SC Hearrenfean mei dúdlike sifers lâns regioteam Súdwest

27 jun 2018 - 20:47

SC Hearrenfean is woansdeitejûn begûn mei de tarieding op it nije fuotbalseizoen. Tsjin in gelegenheidsteam út de regio Súdwest waard it 10-1.

It wie foar Hearrenfean de earste wedstriid ûnder lieding fan de nije trainer Jan Olde Riekerink. Hy seach dat de Feansters rap op foarsprong kamen troch in hattrick fan Michel Vlap. Dêrnei wiene it Rojas en twa kear Sam Lammers, mei syn earste goals foar Hearrenfean, dy't der 6-0 fan makken. Dat wie ek de reststân.

Yn de twadde helte spile Hearrenfean mei alve nije spilers. It waard 7-0 troch in goal fan Jordy Bruijn. De 8-0 kaam fan Henk Veerman. It regioteam die dêrnei wat werom, mar it slotakkoard kaam, twa kear, fan Pelle van Amersfoort.

Ien fan de spilers dy't yn de earste helte yn de basis begûn wie doelman Jan Bekkema fan Drachten. Hy wie bliid mei syn basisplak. Dochs is hy der wis fan dat Warner Hahn takom seizoen de earste keeper fan Hearrenfean is.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)