Provinsje reservearret 10 miljoen euro foar Holwert oan See

De provinsje Fryslân reservearret 10 miljoen euro foar it projekt Holwert oan See. Om kâns te meitsjen op regiojild fan it Ryk hat Holwert oan See it provinsjale jild nedich. It stelt de projektorganisaasje yn steat fierder te gean mei it sykjen fan fierdere finansiering.
De seedyk by Holwert © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
PvdA, CDA, VVD, FNP, 50Plus, D66, ChristenUnie en GrienLinks sjogge grutte kânsen foar rekreaasje en toerisme by Holwert oan See. Ek foar de ekonomy fan Noardeast-Fryslân moat Holwert oan See in oanjager wêze.
It Ryk hat oanjûn dat Holwert oan See yn dizze kabinetsperioade al útfierd wurde moat, oars ferfalt de kofinansiering troch it Ryk. Dêrom komt de provinsje no as earste oer de brêge.