Ekstra foarstelling iepenloftspul Jobbegea

27 jun 2018 - 20:01

It iepenloftspul 'Folk sûnder oeren', dat opfierd wurdt troch fjouwer toanielferienings út Jobbegea en Hoarnstersweach, krijt in ekstra foarstelling. Dit omt de earste fjouwer foarstellings hiel rap útferkocht wiene.

It wie de bedoeling dat it iepenloftspul jûns op 28, 29 en 30 juny en 1 july opfiert waard. Dêr komt no in ekstra útfiering by op sneintemiddei 1 july.

Folk sûnder oeren is basearre op in boek fan Evert Zandstra. It giet oer it libben fan de minsken út de streek yn de tiid nei de turfwinning (1868 en 1888). Neffens de organisaasje lit it de krêft fan de mienskip sjen yn tiden fan wurkleazens en earmoed.

(advertinsje)