Blokhúspoarte wint Gulden Feniks Priis

27 jun 2018 - 19:42

De restauraasje fan de Blokhúspoarte hat de lanlike Gulden Feniks priis wûn. De sjuery is tige te sprekken oer de ferbou fan de âlde finzenis yn it sintrum fan Ljouwert. De Blokhúspoarte hat wûn yn de kategory transformaasje. Yn dy kategory falle gebouwen dy't in hiel oare funksje krigen hawwe nei in ferbouwing dan dêrfoar.

De priis wurdt útrikt troch de stifting NRP (Nationaal Renovatie Platform). Dy wol mei de priis it duorsum brûken fan besteande romte stimulearje.

(advertinsje)