LIVE: Skriuw mei it Grut Frysk Diktee mei

27 jun 2018 - 19:34
De dielnimmers oan it Frysk Diktee - Foto: Ben de Jager

Goed 600 dielnimmers sitte klear oan har taffeltsjes op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Se dogge mei oan it Grut Frysk Diktee dat dit jier skreaun is troch Welmoed Sijtsma. Wêr giet de tekst oer en watfoar tûkelteammen sitte der dizze kear yn?

Do kinst thús alles folgje, mar kinst fansels ek meiskriuwe. Dyn diktee wurdt automatysk neisjoen. Ek pommeranten lykas Jelle B, Lutz Jacobi en Reitse Spanninga dogge mei.

It Grut Frysk Diktee is woansdeitejûn te sjen fan 19.30 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje of folgje de live-stream hjir en typ it diktee yn op dyn laptop, tablet of 'snoadfoan'.

Trefwurden: 
Grut Frysk Diktee
(advertinsje)