Bewenners Sikkemahûs binne klear mei stirnzeterreur

27 jun 2018 - 15:55

De bewenners fan it Sikkemahûs yn De Westereen binne al njoggen jier dwaande om de agressive stirnzen by harren fersoargingssintrum fuort te krijen. Ek de ôfrûne wiken skite de fûgels alles ûnder en wurde minsken oanfallen.

De stirnzen hawwe harren nêsten boppe-op it dak fan it Sikkemahûs. It is it briedseizoen en de fûgels reagearje agressyf om't se harren piken beskermje wolle. Wenningbouferiening Accolade is yn petear mei de bewenners, en ek de provinsje Fryslân seit mei de bewenners om tafel te wollen. Dat der oant no ta neat bard is, frustrearret de bewenners. Se binne al jierren dwaande om aksje te fieren, mar fertuten hat it noch net dien.

Us wenninggenot is fuort.

Willem de Valk, bewenner

De bewenners hawwe hantekens sammele yn de hoop dat der wat dien wurdt oan de problematyk. Neffens Willem de Valk, ien fan de bewenners, binne der guon minsken dy't net mear nei de ôffalkontener doare om't se benaud binne dat se oanfallen wurde troch de stirnzen.

Datselde jildt foar de meiwurkers fan de thússoarch dy't der alle dagen komme. "We wenje hjir no net mear noflik mei syn allen. Us wenninggenot is fuort", sa fertelt De Valk, dy't dêryn stipe wurdt troch oare bewenners. "It is gigantysk, sa'n oerlêst oft it jout. Ik hie ferline wike trije op 'e holle dy't my pikten. Se moatte it grien fan it dak ôfhelje, dan kinne se dêr ek net mear briede", seit Appie van der Valk.

(advertinsje)