Griente en fruit groeit de hichte yn: fertikaal buorkje

27 jun 2018 - 15:48

MBO Life Sciences yn Ljouwert hat woansdei it projekt Vertical Farming iepene. Yn de twa spesjale fertikale kasten dy't se makke ha, kin griente en fruit de hichte yn groeie. Op in kante meter kin dan mear iten ferboud wurde yn in stedske omjouwing.

En dat is nedich neffens projektlieder Kees van der Ploeg. "Als we zo doorgaan hebben we over een tijdje niks meer op ons bord liggen." Dat komt foaral troch klimaatferoaring. Rispingen mislearje yn dizze tiden gau troch de waarsomstannichheden en dêr kinne fertikale kassen útkomst yn biede.

Foto: Omrop Fryslân

De kasten lykje op fitrinen yn supermerken dêr't we ús molke en tsiis úthelje. En dat kin dus aanst ek mei farske griente. Yn de sletten fitrinen krije de plantsjes fieding, wetter, lucht en CO2. En se wurde mei help fan sensoaren yn de gaten hâlden. It foardiel fan fertikaal buorkjen is dat der gjin ynsekten en baktearjen by de plantsjes komme kinne. "Je kunt alles plukken en direct eten."

Studinten fan MBO Life Sciences en oare opliedingen ha twa jier lang dwaande west om de spesjale fertikale kasten te meitsjen. Se ha mei dit projekt ôfrûne jier de LC-Awards wûn. No't de kasten klear binne, sille studinten fan ferskillende opliedingen derfoar soargje.

De ôfdieling Groen tinkt om de plantsjes, Voeding hellet de griente en fruit derút wêrnei't se yn de kantine klearmakke wurde en de laboratoariumstudinten hâlde de technyk fan de kasten yn 'e gaten.

Foto: Omrop Fryslân

In ferfanging foar de besteande lânbou is it no noch net, want it is kostber. It projekt hat sa'n 20.000 euro koste. It is in produkt fan it Europeeske Erasmus-projekt Healthy Body, Sustainable World en is stipe mei subsydzje fan de provinsje Fryslân.

(advertinsje)