Hoe giene de reizgers woansdei om mei de staking?

Op de earste dei fan de stakings yn it streekferfier, wienen de measte reizgers woansdeitemoarn der wol fan op de hichte dat der gjin bussen riden. Yn Ljouwert wie it busstasjon meastentiids leech. Allinnich de bustsjinsten mei oansluting op in fearboat yn Holwert en Lauwerseach rieden.
Hoe seach it iepenbier ferfier der woansdei út
Minsken dy't ôfhinklik binne fan busferfier, hiene woansdei in alternatyf socht of moasten rinne. Foar in soad studinten wie it wol ferfelend, want dy sieten yn de tentamenwike. De reizgers ha wol begryp foar de staking. De measten fine dat in bussjauffeur gewoan skoft ha moat en in fatsoenlik lean.
Doe wie it ûnferwachts, doe wist gjin ien it en no wit it hiele lân it.
Cor Bil, taksysjauffeur
By it Ljouwerter stasjon stiene woansdeitemoarn ekstra taksys. De sjauffeurs hoopje dat reizgers de taksy as alternatyf foar de bus nimme. Taksysjauffeur Cor Bil soe graach wat langere ritten dwaan wolle, bygelyks nei Lauwerseach of nei Holwert. Mar dy buslinen ride no krekt wol. Bil ferwachtet dat it minder drok wêze sil as by de foarige staking. "Doe wie it ûnferwachts, doe wist gjin ien it en no wit it hiele lân it."
Taksysjauffeurs hoopje woansdei op mear klanten