Sander Arends nei heale finale yn Antalya

27 jun 2018 - 15:25

Sander Arends stiet mei syn maat Matwé Middelkoop yn de heale finale fan it ATP-toernoai fan it Turkske Antalya. Yn de kwartfinale wiene se mei 6-4 3-6 en 10-7 te sterk foar it duo Albot/Pella.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste set hienen Arends en Middelkoop oan ien break genôch. Yn de twadde set draaiden Albot en Pella de wedstriid om. Ek sy pakten de set mei ien break. It begjin fan de supertiebreak wie striemin foar it Nederlânske duo mei in 1-4 efterstân. Dochs koene se it duel krekt op tiid omdraaie.

Antalya is foar Arends en Middelkoop it lêste toernoai yn de tarieding op Wimbledon. De tsjinstanners yn de heale finale binne noch net bekend.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Antalya
(advertinsje)
(advertinsje)