Beslút oer Nij Hiddum-Houw komt letter

Deputearre Klaas Kielstra hat it beslút oer wynmûnepark Nij Hiddum-Houw útsteld oant 18 july. Hy wol dat der earst mear ûndersyk komt nei ferskate saken. Sa moat der sjoen wurde nei de opsje fan legere wynmûnen. Fierder wol hy de sûnensrisiko's fan de hege mûnen nochris ûndersykje litte. Ta beslút wol hy ek noch sjen nei hegere kompensaasje foar omwenners fan it wynmûnepark. Dat is de útkomst fan in lange moarn fan praten en oerlizze troch Provinsjale Steaten.
Andries Live Hiddum-Houw
De fjouwer koälysjepartijen (CDA, FNP, VVD en SP) en de ChristenUnie wolle deputearre Kielstra it ústel jaan. 18 july moat it beslút falle, oars is it te let. Dat is nammentlik de lêste gearkomste fan Provinsjale Steaten foar de simmerfakânsje. Nei dy tiid ferfalle nammentlik subsydzjes. Kielstra die it foarstel ta útstel neidat bliken die dat in mearderheid yn de Steaten foar dat útstel is.
Andries Bakker yn petear mei Douwe Hoogland
De inisjatyfnimmer fan it park sil him no beriede op de mooglikheden fan lytsere wynmûnen. Sjoerd Mensonides begrypt de soarch, mar seit ek dat it plan der net foar sa leit as it no is. Hy tinkt in pear dagen nedich te hawwen foar it ûndersykjen fan de mooglikheid ta lytsere mûnen.
Andries Bakker yn petear mei Klaas Fokkinga fan de FNP