Greidefûgels ha nei drege start dochs in goed seizoen

27 jun 2018 - 14:09

Nei in muoisume start is it dochs in goed greidefûgeljier wurde yn Fryslân, sa meldt Natuurmonumenten. Foaral de skries en de tjirk dogge it goed en ha in súksesfol briedseizoen hân. It giet om de Fryske gebieten fan de natuerferiening.

Rûchwei 430 skrieze-briedpearen en 180 tjirke-briedpearen wisten harren stekje te finen yn 'e greide. Ek de ljip hat nei in drege start noch hiel wat jongen grutbrocht. Mar it tal briedpearen by de ljip bleau wol achter yn fergelyk mei oare jierren.

Natuurmonumenten meldt noch dat it tal ynsekten in wichtige betingst is foar in goed greidefûgeljier. Fan resinte ûndersiken by Jorwert en Easterlittens wurde yn 'e rin fan dizze simmer de útslaggen ferwachte.

(advertinsje)