Hartthijs de Vries wint NK tiidriden by de beloften

Hurdfytser Hartthijs de Vries út Kollum is woansdei Nederlânsk kampioen tiidriden by de beloften yn Bergen op Zoom wurden. Hy hie healwei noch de twadde tuskentiid, mar op de einstreek wie hy krekt rapper as Nils Eekhoff. It ferskil wie tolve sekonden.
Hartthijs de Vries
De Vries wie oan it begjin fan dit jier yn it nijs troch hertproblemen en levere dêrtroch syn twajierrich kontrakt by Roompot-Nederlandse Loterij yn. Nei in oantal sûnenstesten is hy sûnt maart wer oan it koersen. Dat docht hy sa goed dat hy staazje rinne sil by de team LottoNL-Jumbo.