Motorrider slim ferwûne by ûngelok Eastersee

27 jun 2018 - 13:42

In motorrider is woansdei oan it begjin fan de middei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Hearewei tusken Eastersee en Ychtenbrêge. De motorrider kaam ûnder in oanhingwein telâne. De motorrider hat nei alle gedachten te let sjoen dat de auto mei oanhinger linksôf sloech. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)