Assaidi fit foar Roda JC

04 nov 2011 - 13:00

Oussama Assaidi start sneontejûn yn de basis tsjin Roda JC. De oanfaller fan SC Hearrenfean waard yn de lêste wedstriid tsjin ADO Den Haach al nei 36 minuten nei de kant helle fanwege in blessuere, mar is no wer fit. Assaidi hat tongersdei foar it earst wer mei de groep meitraind.

Nije wike spilet Assaidi foar Marokko twa oefenynterlands. Ron Jans sil noch kontakt sykje mei bûnscoach Eric Gerets om de linkeroanfaller mar ien wedstriid spyljen te litten.

(advertinsje)