Finzenismonologen litte publyk neitinke

Wat docht in selstraf mei je en wat dogge je as je frijkomme? It binne fragen dy't steld wurde by it toanielstik 'Gevangenis Monologen.'
It stik is ferline jier al opfierd yn útferkochte sealen foar algemien publyk. No wurdt it spile yn 15 finzenissen. De PI Ljouwert wie tiisdei oan bar.
It teäterstik is basearre op it libbensferhaal fan Wesley. Hy hat goed fjouwer jier fêst sitten foar in gizeling by Jeugdzorg. Syn personaazje wurdt spile troch akteur Poal Cairo. Oare akteurs binne Kenneth Herdigein en Birgit Schuurman.
Auke Zeldenrust prate mei de spilers