Doch de finaletraining foar it Grut Frysk Diktee

27 jun 2018 - 12:19

Woansdeitejûn is it safier: dan sille goed 600 minsken meidwaan oan it Grut Frysk Diktee op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It waar sjocht der goed út, mar is dyn tarieding ek goed? Kinst no alfêst dyn Frysk teste mei dizze kwis. Sjochst nei de fraach fuortendaliks oftst it goed of fout hast, en de útlis.

Foar de thúsbliuwers is der ek alle reden om dizze kwis te dwaan, want kinst by Omrop Fryslân op telefyzje sels op de bank meiskriuwe op www.fryskdiktee.frl mei de live-útstjoering dy't begjint om 19:30 oere. It Grut Frysk Diktee is dit jier skreaun troch Welmoed Sijtsma, bekend as presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Grut Frysk Diktee training
(advertinsje)
(advertinsje)