Polityk diskusjearret oer mega-wynturbinen Nij Hiddum-Houw

27 jun 2018 - 12:14

Nei jierren fan diskusje nimt de polityk woansdei it definitive beslút oer de komst fan njoggen mega-wynmûnen by de kop fan de Ofslútdyk, wynpark Nij Hiddum-Houw. Beswiermakkers sizze dat de komst fan dizze wynmûnen skealik is foar harren sûnens en wengenot.

Foto: Omrop Fryslân

Nei de SP wol ek de FNP besjen oft der legere wynmûnen komme kinne by Hiddum-Houw. Dêrnjonken moat der neiere ynformaasje op it kleed komme oer de sûnensrisiko's fan grutte megawynmûnen. Omwenners binne benaud dat der sûnensskea plakfine sil troch de mûnen dy't in soad leven meitsje, ljocht jouwe en wêrfan't it slachskaad fan de wjukken problemen opsmite sille.

De partijen brochten har stânpunten woansdei nei bûten oer it park.

50Plus stipet it plan Nij Hiddum-Houw net. Sunich omgean mei enerzjy is wichtich, mar sunich omgean mei romte ek. 50Plus is tsjin it útstel fan it kolleezje, de provinsje moat it húswurk op 'e nij dwaan.

De Partij voor de Dieren is foar wynenerzjy, mar sil net samar elts wynpark akseptearje. Wynpark Nij Hiddum-Houw moat der yn dizze foarm net komme.

Neffens de Christen Unie is de diskusje foar of tsjin de komst fan wynmûnen al yn 2014 fierd. Legere wynmûnen is wol in opsje foar dizze partij.

De PvdA wol opsjes iepen hâlde dat oare plakken as Hiddum-Houw mooglik better geskikt binne foar wynmûnen. Hielendal no't der sa folle protesten út de omjouwing binne.

Foar de SP soenen lytsere wynmûnen wol in opsje wêze. Sa lang't dy mar yn de omjouwing passe.

FNP slút útstel fan it beslút net út. Der moat dúdlikens komme oer mooglike sûnensklachten fan de megamûnen en der moat oerlis komme mei de inisjatyfnimmers oer de hichte fan de mûnen en wjukken. FNP hâldt wol fêst oan de 36 megawatt wynenerzjy dy't yn it gebiet opwekt wurde moat.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Ferslachjouwer Andries Bakker is by Provinsjale Steaten

De diskusje yn Provinsjale Steaten oer de komst fan it wynpark Nij Hiddum-Houw lûkt in soad belangstelling fan minsken dy't dêr wenje. Der is in soad protest yn de streek dat der 9 mega-wynmûnen fan 200 meter heech komme. Se sizze dat dit ten koste giet fan harren sûnens.

(advertinsje)
(advertinsje)