Frijwilligers helje mei sokbreidzjen tûzenen euro's op foar Nierstichting

De Wurkgroep Nierstichting De Gordyk en omkriten hat tiisdeitejûn 10.000 euro oermakke nei de Nierstichting. De 50 leden yn de leeftiid fan 70 oant 90 jier breidzje, naaie en heakje it hiele jier troch foar it goede doel. It measte jild is ophelle mei de ferkeap fan 900 pear sokken.
De wurkgroep bestiet dit jier 40 jier en hat oer al dy jierren 190.000 euro ophelle foar de Nierstichting. Foar it kommende jier giet de wurkgroep foar de twa ton.