Twa bern ferwûne by slimme ûngelokken yn Fryslân

27 jun 2018 - 10:17

By twa slimme ûngelokken by Skuzum en Wâlterswâld binne tiisdeitemiddei twa bern swierferwûne rekke.

Foto: Stefan Postema

Beide bern binne oanriden troch in auto. Yn beide gefallen is de traumahelikopter oproppen. It famke, dat op de dyk tusken Skuzum en Makkum oanriden waard, is mei de helikopter nei in sikehûs yn Amsterdam brocht.

It jonkje waard by it doarpshûs yn syn wenplak oanriden. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje docht yn beide gefallen ûndersyk nei hoe't de ûngelokken barre koene.

Foto: De Vries Media
(advertinsje)