LIVEBLOG: Provinsjale Steaten beslute oer wynpark Nij Hiddum-Houw

27 jun 2018 - 13:35

Nei jierren fan diskusje is it woansdei safier: de polityk nimt it definitive beslút oer de komst fan njoggen mega-wynmûnen by de kop fan de Ofslútdyk, wynpark Nij Hiddum-Houw. Yn de ôfrûne wiken hawwe der ferskate harksitten west op it provinsjehûs dêr't sa'n 50 beswiermakkers harren punt nochris makke hawwe. Sy sizze dat de komst fan dizze wynmûnen skealik is foar harren sûnens, en wengenot. Ferslachjouwer Andries Bakker is by de gearkomste yn Provinsjale Steaten en docht yn dit liveblog ferslach fan de beslútfoarming.

18:00

Hjirby slute wy dit liveblog.

16:19
Nei seis oeren debat gjin beslút oer Nij Hiddum-Houw

No't it definitive beslút oer Nij Hiddum-Houw pas op 18 july nommen wurdt, komt der gjin twadde termyn, seit CdK Arno Brok. Sa einiget it debat oer de komst fan Nij Hiddum-Houw. Oer trije wiken prate de steaten fierder oer de komst fan it park. Dan moat der mear dúdlikens wêze oer de sûnensrisiko's en lingte fan de mûnen. Ek prate de steateleden dan oer it útwreide kompensaasjeregeling foar de omjouwing fan Hiddum-Houw oan de kop fan de Ofslútdyk. Sa komt der gjin beslút nei goed seis oeren debat.

16:00
Opposysje: pas yn jannewaris 2019 in definityf beslút nimme

Nei op 'e nij in skorsing komt de opposysje mei in reaksje. In lytse moanne is te koart om soarchfâldich saken te ûndersykjen. Remco van Maurik wol goed mei de omjouwing en inisjatyfnimmers yn petear. Dêrom wol de opposysje pas yn jannewaris 2019 in beslút oer in definityf beslút oer wynpark Nij Hiddum-Houw.

15:45
Koälysjepartijen en Christen Unie foar útstel beslút 18 july

Skorsing is wer dien. CDA-steatelid Fernande Teernstra nimt út wurd. Har partij wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de skorsing. CDA hat oerlis hân mei kolleezjepartijen VVD, FNP en SP en kriget stipe fan de Christen Unie. De partijen geane akkoart mei útstel oant 18 july. Mar dan moatte Provinsjale Steaten wol in beslút nimme, oars falle subsydzjes fuort fan de ûndernimmers.

Teernstra seit dat de partijen hjirmei net partij foar de inisjatyfnimmers kieze. Mar de subsydzjes binne krúsjaal foar ôfspraken dy't al makke binne. Dat jild giet foar in part ek wer nei de omjouwing ta.

15:02
Skorsing oer mooglik útstel beslút Nij Hiddum-Houw

Kommissaris fan de Kening stelt skorsing foar. Ek CDA en PvdA freegje dêr no om. Want as de partijen yn Provinsjale Steaten Kielstra folgje yn syn útstel om pas op 18 july definityf te stimmen, hat in stimming hjoed oer moasjes en amendeminten ek net sa folle doel. Kielstra giet de útstellen fan de ferskate partijen wol efkes del, dêrnei folget de skorsing.

14:59
Kielstra folget mearderheid steaten

Kielstra hat sjoen dat in mearderheid fan de partijen yn Provinsjale Steaten útstel fan it beslút ha wolle. Se wolle dúdlikens oer de sûnensrisiko's, sjen oft der legere mûnen mooglik binne en dat der in hegere kompensaasje komme moat foar de omjouwing. Dêrom wol er útstel oant 18 july, de lêste gearkomste fan Provinsjale Steaten fan foar de simmer. Kielstra wol dan sa goed mooglik boppesteande saken útsocht ha.

14:39
Kielstra docht berop op inisjatyfnimmers

Deputearre Klaas Kielstra docht in driuwend berop op de inisjatyfnimmers fan it wynpark om dochs legere mûnen del te setten by Hiddum-Houw. 18 july moat der wol in beslút falle, seit Kielstra. oars kinne de inisjatyfnimmers net op 'e tiid de saneamde SDE+-subsydzjes oanfreegje.

14:37
Kielstra wol útstel beslút oant 18 july

BREKKEND Deputearre Klaas Kielstra stelt in útstel fan beslútfoarming foar. Oant 18 july. Yn de tuskentiid kin it kolleezje fan Deputearre Steaten besjen oft de mûnen leger kinne, oft der in hegere kompensaasje komme kin foar omwenners en hoe't de sûnensrisiko's metten wurde kinne. Kielstra sjocht dêryn in rol foar de GGD.

14:27
Kielstra: "Ik ha wol yn it gebiet west te praten"

Kielstra hat wol yn it gebiet west om te praten oer it wynpark. Lestige petearen. Kielstra hat net by de offisjele gearkomsten foar de omjouwing west. De deputearre hat grut respekt foar de minsken dy't yn de Omgevingsadviesraad sitten ha. Net alles is goed gien, mar oan de ynset fan dy minsken leit it net, seit Kielstra. Dy minsken hawwe harren ferantwurdlikens nommen, seit er.

14:23
Kielstra: "Emoasjes litte my ek net kâld"

It skoft is dien. Deputearre Klaas Kielstra nimt it wurd. Hy seit dat dit in yngreven beslút is mei in soad emoasjes út de omjouwing dy't him ek net kâld litte. Mar der is ek in realiteit: in beslút dat yn desimber 2014 nommen is dat it wynpark der komt.

13:21
Skoft oant 13.15 oere.

No't alle 12 partijen yn Provinsjale Steaten harren earste termyn hân ha, folget in skorsing oant likernôch 13.15 oere. Dêrnei komt deputearre Klaas Kielstra oan it wurd. Hy sil dan yngean op de ferskate moasjes en amendeminten fan de fraksjes. Dan sil ek dúdlik wurde hoe't Kielstra tinkt oer in mooglik útstel fan it plan en/of mooglik lytsere wynmûnen.

13:19
Grien Links: "koälysje gizelet himsels mei stânpunt wynmûnen"

De koälysje gizelet himsels mei it stânpunt dat der njonken de oanwiisde gebieten gjin mûnen op lân bykomme meie, seit Retze van der Honing fan Grien Links. Dit wynpark Nij Hiddum-Houw is in gedrocht, seit er. Hy doelt bygelyks op Reduzum. It doarp wol graach in nije doarpsmûne, mar dat stiet de provinsje net ta. Oan de oare kant wurdt sa'n park by de kop fan de Ofslútdyk oanwiisd, wylst de omwenners in soad beswieren ha.

13:05
Grien Links: stean ek doarpsmûnen ta

Tiphichte wynmûnen maksimaal op 150 meter dwaan en net op 208 meter, seit fraksjefoarsitter Retze van der Honing fan Grien Links. Dan hawwe jo wol draachflak by de omwenners, seit er. Ek doarpsmûnen moatte besprekber wurde. Dan kinne de fereaske megawatts yn Fryslân (530,5 megawatt yn 2020) helle wurde.

12:50
PVV: wynpark Nij Hiddum-Houw skrasse

Steatelid Harrie Graansma (PVV) seit dat syn partij altyd al tsjin de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw west hat. Hy is tsjin 'jild fergriemen', want hy en syn partij sizze dat wynenerzjy en sinnepanielen swier oerskat wurde. Werom nei Nij Hiddum-Houw: útstel sil net folle helpe. "It bliuwt griemen." Graansma wol dat it hiele plan fan tafel moat.

12:42
Gruttere kompensaasje foar omwenjenden

De VVD wol in hegere kompensaasjeregeling foar de omjouwing. Dan giet it foaral oer de minsken en doarpen yn de buert fan de mûnen. De VVD wurdt dêryn stipe troch twa oare kolleezjepartijen, CDA en SP. De trije partijen hawwe in moasje yntsjinne dy't sa'n rommere regeling mooglik meitsje moat.

12:32
VVD: al nommen beslút liedend

Fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD seit dat de steaten yn desimber 2014 al besletten ha en dêr oan fêst sitte. Wol ropt se it kolleezje fan Deputearre Steaten op der sa folle mooglik foar de streek út te heljen. Dat is in boadskip oan de eigen deputearre. Klaas Kielstra is nammentlik ferantwurdlik foar dit ûnderwerp.

12:04
Utstel lonkt foar wynpark

Nei de SP wol ek de FNP besjen oft der legere wynmûnen komme kinne by Hiddum-Houw. Dêrnjonken moat der neiere ynformaasje op it kleed komme oer de sûnensrisiko's fan grutte megawynmûnen. Omwenners binne benaud dat der sûnensskea plakfine sil troch de mûnen dy't in soad leven meitsje, ljocht jouwe en wêrfan't it slachskaad fan de wjukken problemen opsmite sille.

11:52
FNP slut útstel net út

FNP slút útstel fan it beslút net út. Der moat dúdlikens komme oer mooglike sûnensklachten fan de megamûnen en der moat oerlis komme mei de inisjatyfnimmers oer de hichte fan de mûnen en wjukken. FNP hâldt wol fêst oan de 36 megawatt wynenerzjy dy't yn it gebiet opwekt wurde moat.

11:42
FNP: oerlis mei inisjatyfnimmers oer maksimale hichte wjukken

FNP seit dat yn desimber 2014 al besluten is oer de komst fan it wynpark op dit plak. Mar de partij hat wol soargen oer mooglike sûnensklachten by omwenners. Dêr moat goed ûndersyk nei komme. Steatelid Klaas Fokkinga (FNP) wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten mei de inisjatyfnimmers fan it wynpark oerleit oer de maksimale tiphichte (wjukken) fan de mûnen. Dy is no maksimaal 208 meter heech. De FNP soe graach sjen dat dit leger wurdt.

11:36
50Plus: gjin stipe foar Nij Hiddum-Houw

Utstel fan it beslút sûnder dat der úteinlik wat feroaret, is in 'doekje voor het bloeden'. Dat seit fraksjefoarsitter Jan Waterlander fan 50Plus. Hy konstatearret dat guon partijen 'voortschrijdend inzicht' ha ynsake de komst fan wynpark Nij Hiddum-Houw. 50Plus hat altyd tsjin dit plan west. Sunich omgean mei enerzjy is wichtich, seit Waterlander, mar sunich omgean mei romte ek. 50Plus is tsjin it útstel fan it kolleezje. Waterlander wol dat de provinsje it hûswurk op 'e nij dwaan sil.

11:17
PvdD: wynpark Nij Hiddum-Houw kin der sa net komme

Partij voor de Dieren is foar wynenerzjy, mar sil net samar elts wynpark akseptearje. Wynpark Nij Hiddum-Houw moat der yn dizze foarm net komme, seit fraksjefoarsitter Rinie van der Zanden. De turbinen binne te heech en de sûnenseffekten binne noch net bekend. Earst moat dúdlik wêze oft sa'n wynpark feilich is foar de omwenners, seit Van der Zanden, dy't dus net foar dit provinsjale plan stimme sil.

11:05
Christen Unie: legere wynmûnen wol in opsje

Diskusje foar of tsjin de komst fan wynmûnen is yn 2014 al fierd, seit Wiebo de Vries fan de Christen Unie. Der kin hjoed dus al in beslút nommen wurde, seit De Vries. Legere wynmûnen binne foar de partij wol in opsje. Maksimaal in tiphichte (dus fan de wjukken) fan 180 oant 185 meter.

11:03
Utstel jout gjin ekstra ynformaasje, stelt Christen Unie

Utstel fan it beslút om njoggen wynturbinen fan 200 meter heech by de kop fan de Ofslútdyk del te setten, jout neffens de Christen Unie gjin nije ynformaasje, seit fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan dy partij.

10:55
PvdA hâldt opsjes iepen

PvdA wol opsjes iepen hâlde dat oare plakken as Hiddum-Houw mooglik better geskikt binne foar wynmûnen. Seker no't der sa folle protesten út de omjouwing binne. Pikant detail: yn desimber 2014, doe't Provinsjale Steaten it beslút namen om Hiddum-Houw oan te wizen, wie PvdA-er Hans Konst de ferantwurdlik deputearre. By wynpark Nij Hiddum-Houw moat fan 2020 ôf 36 megawatt wynenerzjy opwekt wurde, as ûnderdiel fan de totale opjefte fan it Ryk (530,5 megawatt).

10:46
PvdA: kommunikaasje min

Steatelid Douwe Hoogland (PvdA) bringt yn it ûnthâld dat yn desimber 2014 ek in soad opskuor wie. Doe is al besletten dat it wynpark der komt. No stiet it Provinsjale Ynpassingsplan ta diskusje. Hoogland seit dat de kommunikaasje mei de omwenners net goed west hat.

10:30
SP: wol lytsere wynmûnen

Lytsere wynmûnen soene foar de SP wol in opsje wêze. Sa lang't dy mar yn de omjouwing passe. Omwenners ha dat ek yn de twa harksitten oanjûn. Se binne net tsjin de komst fan wynenerzjy, wol tsjin sokke grutte mûnen. SP wurdt strang befrege troch ûnder oaren Grien Links, PvdA en PVV. Fryslân moat yn 2020 530,5 megawatt wynenerzjy opwekke fan it Ryk. Utstel bringt dat ek yn gefaar.

10:40
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
10:21
SP freget om útstel beslút

De SP freget om útstel fan it beslút om njoggen mega-wynmûnen by de kop fan de Ofslútdyk del te setten. Sûnensrisiko's moatte better yn byld komme. Dêrnjonken moatte omwenjenden in stim krije yn de monitoring fan de wynmûnen.

10:40
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
10:15
SP: proses net goed gien

SP fynt dat de provinsje de omjouwing net foldwaande meinommen hat yn dit proses. Dêrtroch ûntstiet it sentimint dat minsken tsjin wynenerzjy binne en dat is spitich. Steatelid Machiel Aartsen hat it ek oer de sûnenseffekten dy't wynturbines fan dizze hichte jouwe. Earder sei de SP (dochs ek in kolleezjepartij) dat útstel fan de plannen mooglik it bêste is om út te sykjen wat dy sûnensrisiko's krekt binne.

10:42
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber
10:08
Debat giet los

It debat yn Provinsjale Steaten begjint. Fernande Teernstra (CDA) trapet ôf. De partij sit yn it kolleezje fan Deputearre Steaten en wol dus dat it wynpark der komt. Teernstra wol dat der in evaluaasje komt fan de Omgevingsadviesraad (OA). Ferskate doarpsbelangen binne út dit oerlisorgaan mei de provinsje stapt, út ûnfrede oer de gong fan saken.

10:05
Soad belangstellenden

De diskusje yn Provinsjale Steaten oer de komst fan it wynpark Nij Hiddum-Houw lûkt in soad belangstelling fan minsken dy't dêr wenje. Der is in soad protest yn de streek dat der 9 mega-wynmûnen fan 200 meter heech komme. Se sizze dat dit ten koste giet fan harren sûnens.

(advertinsje)
(advertinsje)