Deade potfisk nei Harns sleept en út it wetter takele

27 jun 2018 - 09:18

De deade potfisk is woansdeitemoarn nei Harns sleept. De walfisk gie tiisdei om 18.00 oere hinne foar de kust fan Den Helder dea.

It bist, it is in mantsje, waard moandei ûntdutsen. It wie swak en koe hast net swimme. De rêdingsaksje dy't opset waard, hat net mear holpen. It bist is 15 meter lang en mear as 40 ton swier. Dat wie te swier foar de kraan en dêrom is dêr noch in kraan bykommen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Het is heel gek om het dier zo te zien. Hij is heel groot.

Undersiker Lonneke

Minsken fan Universiteit Utrecht en Naturalis yn Leiden binne yn Harns om it bist te ûndersykjen. "Het is gek om het dier zo te zien. Hij is heel groot," sei ûndersiker Lonneke fan de universiteit doe't it bist út it wetter takele wie. "Hij was sinds maandag al aan het dwalen, kon niet zwemmen en dobberde wat rond. De potvis hoort niet in de Noordzee, dat is te ondiep voor hem. 's Zomers zijn ze rond de evenaar en 's winters gaan ze naar Noorwegen om te foerageren. Hij was echt een dwaalgast, misschien was hij ziek."

Dat sille de ûndersikers besjen. It bist komt yn in bak en snijers sille sa gau as mooglik begjinne it bist iepen te snijen. Lonneke: "We onderzoeken de doodsoorzaak. Heeft hij bijvoorbeeld plastic in de maag. Het is een ultieme onderzoeksmogelijkheid."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is by de potfisk yn Harns

By deade potfisken langer as trije meter giet it saneamde walfiskprotokol yn, wêrby't it ministearje fan Lânbou en Natuer ynskeakele wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)