Kollum: "Boere-oarloch"

27 jun 2018 - 08:01

"Sietske Poepjes hat it swurd fan Grutte Pier út it Fries Museum helle. Se hâldt minsken oan. En as dy net sizze kinne "Fryslân is in lân fan taal en eleven fountains", dan slacht se sa'n ien, hapstee, de kop der ôf. Wa't oerbliuwt hat jûn Frysk Diktee. Mar deryn mear as trije flaters: hapstee .. Om it Frysk der troch te krijen moatte strange maatregels naam wurde. Seit Sietske.

De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

Wy gnize derom, pakke Sietske dat swurd ôf, en meitsje har boargemaster op in eilân. Se hat har doel mei it Frysk net rêden. Se treft dêr dan Jehannes Kramer as griffier oan. Hy hat sýn doel, mear skriezen, ek net rêden. Sterker, hy lit in oarloch efter. Dat is net de skuld fan de Ljouwerter Krante. Dy skriuwt op wat minsken fine. Ja, je moatte wol wat in apart stânpunt ha, oars komme je der net yn. Mar it is net sa dat Jantien de Boer, mem fan de lânskipspine, net mear in fûgeltsjeman wat freegje mei as sjoernaliste. Sa fan bliuw yn dyn hokje.

Dat jildt ek foar fûgelûndersiker Egbert van der Velde. Dy soe nea syn eigen miening fertelle meie. Dy mei inkeld wat yn rapporten optekenje, want dy lêze de boeren blykber net. Unsin. Elk hat rjocht op in eigen miening, as je no Trump, Poetin, Wilders of Van der Velde hjitte. De yntolerânsje giet op 't heden fier. De Ljouwerter krige echt in stream reaksjes. Earst in soad lju, lit it my foarsichtich sizze, út it boerefermidden, dy't fûnen dat it ynterview net yn de krante moatten hie. (Wêrom Trump en Wilders wol?). Doe kamen natoerlju yn it gewear, setten Van der Velde op it eareskavot. De Ljouwerter naam dat ek mar op en sei yn it haadartikel dat se net oan de oarloch meidogge, der inkeld omraak oer skriuwe.

Der is gjin útsicht oer hoe't je ea wer frede krije kinne. Boeren ha sûnt de ein fyftiger jierren fan Sicco Mansholt heard dat se produsearje moasten. Mansholt gie nei Europa en Nederlân hat nea wer in minister hân dy't him mei lânbou bemuoide. Dus de boeren produsearren troch, hiene sels de koöperaasjes, dy wurken foar Rabo en Albert Heijn. Dat set de molke goedkeaper yn de winkel as wetter. Dus wy ha leard om net mear te beteljen. Dat ferdomme we ek. Al sille we ek molke út Kroäsië sûpe. En alle nije natoerfreonliker djoerdere inisjativen sette we gjin bek op.

De produksje fan de boer hat der de lêste 20 jier foar soarge dat de boaiem hieltyd minder waard. Dat de ynsekten ferdwûnen. En de boer meande faker mei swiere apparatuer. Logysk. Mar de grûn waard aloan minder. Deadlik foar de skries. Dy't wy yn ús ûnnoazele Fryske tradysje ta kening fan de greide makken, yn in jier dat er hast hielendal ferdwûn wie rjochting Sibearië. En de lju dy't o sa graach de skries hâlde woenen, ha noch noait mear dien as de aaien ûnder syn kont weihelje.

De ellinde is dat je mei befolkingsgroepen te krijen ha, mar dat elk deryn yndividueel wurket. De boer dy't Van der Velde beskreau, bestiet net. In inkeling. De lytsskalige boer dy't boer en Skriezekritefoarsitter Klaas Oevering beskriuwt, wrottend yn blomryk lân, is dief fan syn eigen beurs. En net elkenien hat dêr noch genôch yn sitten. Der is begryp by boeren foar de sitewaasje, sizze in soad minsken. Dat kin wêze, mar as ik in diskusjejûntsje mei boerefolk doch oer ditsoarte saken, binne der altyd fiif, seis dy't it lûdst roppe dat fleantugen mear CO2 útstjitte as kij, en dan hâlde de saneamde begrypfolle boeren har stil. Underling gjin diskusje.

Dat ha ûndersikers ek net. Dy skriuwe skriemend op wat der bart. De oerheid krijt dy stikken. Mar doart gjin inkele beweging te meitsjen. De tiid giet troch. Krekt as mei de wynmûnen by Hiddum-Houw of it gas yn Dongeradiel: gean no sa gau mooglik ris mei syn allen teset om in goed belied ôf te praten. Polderje om my, mar praat wat ôf. Mar ik bin bang dat der nije wike al gjin inkele fûgel mear harkje sil nei dy sa geef-Fryske-muzikale foarstelling Conference of the Birds. De skries sit yn it Natoermuseum as nostalgyske ferskining."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)