Staking yn it streekferfier

27 jun 2018 - 07:20

Bussjauffeurs yn it streekferfier hawwe manmachtich harren wurk dellein. Se easkje mear lean en bettere wurkomstannichheden, lykas mear tiid foar skoft. Fakbond CNV wol trije dagen stake. It FNV giet noch fierder, it fakbûn giet foar in staking fan ûnbepaalde tiid.

Woansdeitemoarn wurdt dúdlik as yn Fryslân alle streekferfier plat leit. Wurdfierder Tineke Witteveen fan Arriva oer de stân fan saken.

Wurdfierder Tineke Witteveen fan Arriva

In bus fan Arriva op it busstasjon yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Pieter Beuzenberg fan fakbûn FNV

Troch de staking komme der fansels saken yn 'e knipe. Krekt dizze wike hat de Friese Poort yn Drachten de eventwike Midden yn 'e Mienskip. In festival foar alle studinten mei teäter, sport en muzyk. Om dochs safolle mooglik learlingen nei Drachten te krijen is der spesjaal ferfier regele.

Durk Noordmans oer de aksje fan ROC Friese Poort

Trefwurden: 
staking Arriva streekferfier
(advertinsje)