Promofilmke fan Rodeo-Ienhoarn út Akkrum grutte hit yn Amearika

26 jun 2018 - 23:04

In ludyk filmke fan Jumpverhuur út Akkrum fan in rûndraaiende Ienhoarn is sa populêr yn Amearika, dat it lân frege hat oft se it rodeohynder ek keapje kinne. It promofilmke is al mear as 3,5 miljoen kear besjoen.

Yn it filmke kinne je sjen hoe't in meiwurker fan Jumpverhuur Akkrum besiket op in wyld rûndraaiende ienhoarn sitte te bliuwen. It filmke is in healjier lyn makke, mar nei't in Amerikaansk tv-stasjon it filmke foarige wike ûntdutsen hat en it online set hat, is it firal gien.

Rik van Raak fan Jumpverhuur Akkrum kin dat op it bedriuw merke. "We hebben al meerdere mailtjes van Amerikaanse bedrijven ontvangen, die interesse hebben getoond in onze Eenhoorn-rodeo. De kosten van het vervoer zijn natuurlijk vanwege de afstand wel erg hoog, dus het is maar de vraag of het ook echt doorgaat."

Rik van Raak fertelt oer it sukses fan de Rodeo Unicorn

(advertinsje)
(advertinsje)