Tall Ship Races Harns folle grutter as yn 2014, stêd wurdt diels autofrij

26 jun 2018 - 22:22
Byld fan de Tall Ships Races 2014 yn Harns - Foto: Omrop Fryslân

In bytsje ouwe seun giet net op fakânsje yn de earste wike fan augustus, want op 3 augustus wurde yn de haven fan Harns mar leafst 60 Tall Ships en 40 oare histoaryske skippen ferwachte. De organisaasje fan de Tall Ships Races Harns rekkenet tusken 3 en 6 augustus dan ek op sa'n 300.000 besikers en dat is de helte mear as fjouwer jier lyn. It evenemint wurdt tagelyk kompakter, wêrtroch't it nijsgjirriger wurdt foar besikers en bemanning.

Ferkear yn goede banen liede

Om al dy besikers yn goede banen te lieden komt de gemeente Harns mei strange ferkearsregels en parkearregels. Dy waarden tiisdeitejûn presintearre op in spesjale ynformaasjemerk yn Trebol. Yn it westen fan Harns meie je ûnder de Tall Ships Races allinnich mei de auto komme as je dêr in spesjale fergunning foar hawwe, it befoarriedzjen fan winkels en oare saken moat safolle mooglik nachts en moarns betiid barre en bewenners wurdt frege om mei it evenemint de auto wat fierder fan hûs te parkearen. De festiviteiten yn de stêd moatte om 23.00 oere jûns ôfrûn wêze.

Op de ynformaasjemerk koene Harnzers gelyk har fragen kwyt oan de gemeente en organisaasje. In soad fragen giene foaral oer it parkearbelied.

Arjen Mintjes fan it bestjoer fan de Tall Ships Races

De minsken yn de havenstêd begjinne al aardich nei it evenemint ta te libjen. De kommende wiken binne der yn it entrepotgebou yn de haven workshops foar basisskoalbern en de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis ûnder de namme Sail in Zicht.

Harns is der fierder ek grutsk op dat sa'n 300 jongeren út Harns en omjouwing as trainee fan Stavanger nei Harns de slotetappe fan de Tall Ships Races 2018 meifarre.

Veldhuis fan de katolike tsjerke hie in fraach oan de gemeente

Trefwurden: 
Harns LF2018 Tall Ship Races
(advertinsje)