Deade potfisk wurdt ûndersocht yn Harns

26 jun 2018 - 22:15

De deade potfisk dy't tiisdeitejûn foar de kust fan Noard-Hollân dobbere, sil ûndersocht wurde yn Harns. Dat meldt de stichting SOS Dolfijn.

Foto: ANP

Rykswettersteat sil derfoar soargje dat de potfisk nei Harns fersleept wurde sil. Dêr sil seksje op it bist ferrjochte wurde troch ûndersikers fan de Universiteit Utrecht. De potfisk waard moandeitemoarn ûntdutsen foar de kust fan Den Helder. It bist wie betize en ferstoar oan de ein fan dy dei.

Trefwurden: 
Harns potfisk
(advertinsje)
(advertinsje)