Iepenloftspul Bantegea: 'Weispield, dreame oer de Tsjûkemar'

26 jun 2018 - 22:05
Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Doar te leauwen, te hoopjen en te dreamen. Eigenskippen dy't fersetsheld Lodo van Hamel net frjemd wiene. Sels net doe't er nei trije kear ta net oppikt waard út syn boatsje op de Tsjûkemar en de Dútsers him finzen namen. "It komt goed. Myn libben is ien aventoer en sil hjir net einigje". Troch in fjoerpeleton waard Lodo yn de Twadde Wrâldoarloch eksekutearre.

Ferslachjouwer: Johanna Brinkman

Net it tragyske ein fan syn libben, mar de boadskip om ta de ein te dreamen oer nije aventoeren foarmje de reade tried fan it iepenloftspul fan Bantegea. 'Weispield, dreame oer de Tsjûkemar' fertelt de ferhalen dy't ferbûn binne oan de Tsjûkemar. In dynamyske miks fan melodrama, aventoer, klucht én mei in dikke knypeach nei James Bond.

Iepenloftspul Bantegea; regisseur Eelco Venema en akteurs oer it stik

Ik woe graach in stik meitsje dat fan hjir is. Wat op dit plak relevant is.

Eelco Venema, regisseur

Marchjepôle

Oars as oars is Bantegea dit jier net it dekôr fan Weispield. De ferhalen fan de Tsjûkemar komme ta libben op Marchjepôle; it grutste eilân fan de mar. "Hjir hoechst net iens in dekôr te bouwen, de omjouwing fersterket it stik fansels wol", fynt Marten Wesselius, dy't de rol fan Lodo op him nimt. It stik krijt dêrtroch in noch gruttere betsjutting.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Lodo en de Duvelsfaam

Weispield bestiet út ferskillende lagen dy't allegear te krijen ha mei dreamen. De earste laach giet dan ek oer it iepenloftspul sels. De spilers ha de moed om yn it stik te spyljen en dat betsjut neffens regisseur en skriuwer Eelco Venema dat sy doarre te dreamen.

It ferhaal fan Lodo van Hamel, spile troch Marten Wesselius, is de twadde laach. Ferdoarne sielen út it ferline sa as Tsjûke en Marchje en de Duvelsfaam foarmje de tredde laach fan it stik. Se wurde mei elkoar troch it stik hinne ferbûn, ek al libje se allegear yn in oare tiid.

Op it momint dat Lodo van Hamel wekker wurdt op it strân en net wit wat der bard is, siket de Duvelsfaam him op. Dizze frou út 1703, spile troch Nynke van der Veen, fynt Lodo tige nijsgjirrich, mar sit dêrneist ek yn har eigen wrâld. It makket de situaasje der net makliker op.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(Advertinsje)
(Advertinsje)