Woansdei opnij lanlike staking yn it busferfier

Minsken dy't woansdei op 'en paad wolle mei de bus moatte der rekken mei hâlde dat der mooglik gjin bus by de halte ferskynt. Bussjauffeurs stake opnij foar in bettere cao. Se easkje mear lean en bettere arbeidsomstannichheden, lykas mear tiid foar skoft. Fakbûn CNV wol trije dagen stake en oars krekt sa lang oant de easken ynwillige wurde.
© ANP
"It is noch net dúdlik hokker bussen moarn wol of net ride," fertelt Tineke Witteveen fan Arriva. "Woansdei is pas dúdlik hokker bussjauffeurs stake foar in bettere cao. Dy bussen ride dan net." Yn it noarden ride de treinen al. Mocht FNV der net útkomme, dan wurdt der langer staakt. "Wy gean út fan minimaal trije dagen. Hâld dêrom foaral de webside en sosjale media fan Arriva yn de gaten."
Wurdfierder Tineke Witteveen fan Arriva