Berltsum hellet de boadskippen nei 138 jier net mear by Van Wigcheren

26 jun 2018 - 21:07

Yn 1880 iepene de oerbeppe fan Dirk Van Wigcheren yn Berltsum in winkel. Dy gie fan soan op soan op soan. 138 jier lang wie Berltsum wend om de boadskippen by de famylje Van Wigcheren te heljen, mar de winkel is no ferkocht oan keten Poiesz. Dêrmei slút de famyjle Van Wigcheren in bysûnder tiidrek ôf.

138 jier winkelje by Van Wigcheren yn Berltsum - Foto: Facebook Berltsum

"It is hjoed in hiele aparte dei. Je moatte der net tefolle oer neitinke," fertelt Dirk van Wigcheren in goed oere foar slutingstiid. De winkel is no sa goed as leech, mar dochs komme de minsken op de lêste dei noch del om wat te heljen. "Ik sjoch noch seis pûdsjes jachtsaus, fjouwer pûdsjes cocktailsaus, wat bakspul. Der leit yn dit gongpaad noch in paprika en twa bakjes druven. Sa wat hinne", laket Van Wigcheren. "Ik stean fersteld, de winkel is hast hielendal leech."

De Berltsumers betankje Spar Van Wigcheren - Foto: Facebook Berltsum

Dirk van Wigcheren oer de lêste wurkdei

Gjin nocht mear

Doarpsgenoaten komme op dizze lêste dei net allinnich de winkel yn foar de lêste restanten fan boadskippen, mar ek foar de famylje Van Wigcheren sels. "De minsken komme binnen mei blomkes en rinne del om de hân te skodzjen."

Van Wigcheren hat de winkel ferkocht oan Poiesz, om't hy oars opnij foar tsien jier in kontrakt tekenje moast. "Dat is yn dizze tiid in hiel skoft foarút. Ik doar net iens twa jier foarút te sjen, want sa bot feroaret it yn dit wrâldsje. Boppedat moasten wy behoarlik ynvestearje en om dat der ek wer út te heljen, moasten wy ek ús wize fan wurkjen omsmite. Wy hawwe in soad âlder personiel en dy minsken binne te djoer. Dan hienen wy dy minsken derút wurkje moatte en mei jonger, tydlik personiel wurkje moatten. Dêr hienen wy gjin nocht mear oan, sa sitte wy net yn inoar."

In opkeaper komt woansdei del om de lêste artikelen op te heljen en oan de ein fan de wike sit Van Wigcheren mei Poiesz by de notaris. "De kommende moannen nimme wy de tiid om simmer te fieren en dêrnei komt dan wol de tiid om nije plannen te betinken."

(advertinsje)
(advertinsje)