Provinsje wol mear ûnbewenne terpen oankeapje

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren mear ûnbeboude terpen oankeapje yn Noardwest-Fryslân. It giet om iuwenâlde terpen dy't yn it boerelân lizze en kwetsber binne. Deputearre Johannes Kramer fynt se fan kultuerhistoarysk belang en wol dêrom wurk meitsje fan it oankeapjen fan sa'n 18 bunder terpgrûn.
Johannes Kramer oer de ûnbewenne terpen
De provinsje besiket al sûnt 2010 om dizze terpen oan te keapjen, mar oant no ta giet dat net sa hurd. Fan de doelstelling fan 24 hektare is noch mar sa'n 7 hektare oankocht.
"Boeren hâlde graach fêst oan har eigen lân en we kinne net ûnteigenje. Mar we geane der wol mei troch, want it giet op it lêst om Aldfaers Erf," seit Johannes Kramer. It terpeprojekt út 2010 soe fjouwer jier duorje, mar is tiisdei noch werris mei fjouwer jier ferlinge. Der is sa'n 530.000 euro beskikber foar it oankeapjen fan de ûnbewenne terpen. Kramer wol de kommende tiid 'wat mear druk' sette op it oankeapjen fan ûnbewenne terpen, troch dat te kombinearjen mei it grutte ferbetterplan fan Noardwest-Fryslân.