Wurkstraf easke tsjin Damwâldster foar swiere mishanneling

26 jun 2018 - 17:42

Tsjin in jonge út Damwâld is in wurkstraf fan 150 oeren easke, omdat er yn in diskoteek yn Dokkum in oare jonge mishannele hat. It slachtoffer soe bier griemd ha op de fertochte. Dy soe him doe slein en skopt ha. It slachtoffer hie in brutsen eachkas, in brutsen noas, in stikkene tosk en in harsenskodding.

Bier - Foto: Shutterstock.com

Neffens saakkundigen hat it slachtoffer in posttraumatyske stresssteurnis oprûn troch de fjochterij. Trochdat er lêst hat fan eangst- en panykoanfallen, is er syn baan kwytrekke. Hy easket 7500 euro skeafergoeding.

De fertochte seit dat er net mei opsetsin skopt hat. Hy soe fan efteren fêstpakt wêze en yn panyk om him hinne skopt ha. Neffens syn advokaat kin net bewiisd wurde dat de man út Damwâld ferantwurdlik is foar de ferwûningen fan it slachtoffer. Ien oars soe ek slein ha. Boppedat soe in portier it slachtoffer op in trep falle litten ha, doe't dy him yn de diskoteek nei ûnderen brocht.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)