Minister Bonnici fan Malta lit witte dat er 'graach' nei Fryslân komt

26 jun 2018 - 16:53

Owen Bonnici, de minister fan kultuer fan Malta, komt dizze simmer 'graach' nei Fryslân om mei Friezen yn petear te gean oer de situaasje op Malta. Bonnici is op dit stuit yn oerlis mei deputearre Sietske Poepjes oer in gaadlike datum.

Malteeske minister Owen Bonnici - Foto: ANP

De besite sil nei alle gedachten ein july of ein augustus plakhawwe en komt yn it teken te stean fan in 'iepenbiere diskusje oer parsefrijheid'.

Der sit spanning op de besite, want Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân ferbruts earder dit jier de offisjele kontakten mei Kulturele Haadstêd Valletta 2018. LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum naam dy stap omdat foarsitter Jason Micallef fan Valletta 2018 him ferskate kearen minder freonlik en net al te respektfol utere oer de ferline jier op Malta fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia.

Sietske Poepjes oer it kontakt mei minister Bonnici fan Malta

Bonnici die it oanbod om nei Fryslân te kommen om hjiroer te praten al in pear moanne lyn. Oanslutend wie it in hiel skoft stil. Sa stil, dat de CDA-Twadde Keamerfraksje ferline wike keamerfragen stelde oer de affêre. Mar Bonnici liket syn tasizzing no dochs nei te kommen. Malta stiet fan ferskate kanten ûnder druk yn ferbân mei de kwestje Caruana Galizia. De Ried fan Europa docht nei oanlieding fan de saak ûndersyk nei it funksjonearjen fan justysje op it eilân. Dat ûndersyk wurdt laat troch CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt.

Kulturele Haadstêd as symboal foar frijheid

Foar Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân en ek foar de provinsje Fryslân is de affêre-Malta ferfelend, omdat it net goed is foar de namme fan it ynstitút 'Kulturele Haadstêd'. "In kulturele haadstêd heart krekt op te kommen foar Europeeske wearden as parsefrijheid en frijheid fan mieningsutering. Kulturele Haadstêd is ek in priis dy't je fertsjinje moatte," sa seit deputearre Poepjes, dy't begjin dit jier sels noch op Malta oanwêzich wie by de feestlike iepening fan Kulturele Haadstêd Valletta 2018.

(advertinsje)