Toeristesite Airbnb profitearret fan LF2018

Keamerferhierorganisaasje Airbnb profitearret flink fan Kulturele Haadstêd. It tal minsken dat in ferbliuw by in Airbnb yn Ljouwert boekt hat, is mei 15% groeid yn fergelyk mei ferline jier.
Sliepkeamer © Shutterstock.com
Neffens de organisaasje sprekt it tema fan de iepen mienskip Airbnb-gasten oan. Dat is in kategory minsken dy't wilens har ferbliuw graach opgean wolle yn de lokale mienskip, om sa optimaal de kultuer priuwe te kinnen. Airbnb ferwachtet oer hiel 2018 12.000 gasten yn Ljouwert, dat is 70% mear as ferline jier.
By Airbnb kinne minsken har hûs diele mei besikers fan oer de hiele wrâld. Dat bart ek yn Ljouwert. Oant no ta hawwe goed 8.000 minsken út 52 ferskillende lannen in ferbliuw boekt yn de stêd.