'Grote Grutto Theater' lûkt al 30.000 besikers

Skries © Henk Bootsma
It Grote Grutto Theater yn Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert hat tiisdei syn 30.000ste besiker binnenhelle. De ynstallaasje is ûnderdiel fan it haadprogramma fan Kulturele Haadstêd. It is in útstalling dêr't minsken boartsjendewei in soad leare oer de skries. Sa kinne minsken bygelyks sels sjen wat in skries sjocht op syn jierlikse reis fan Fryslân nei Afrika.
It natuermuseum ferwachtet dat it tal besikers de kommende moannen noch flink oprinne sil, want de útstalling is noch te sjen oant begjin septimber.