Kleanwinkelketen Men At Work fallyt

26 jun 2018 - 16:11
Kleanwinkel Men At Wurk yn Ljouwert - Foto: Google Streetview

Kleanwinkelketen Men At Work, mei fêstigingen yn Ljouwert en Snits, is fallyt. It bedriuw hie moandei al útstel fan betelling krigen. Nei ynventarisaasje troch in bewâldfierder docht no bliken dat in fallisemint net mear foar te kommen is. De rjochtbank fan Amsterdam hat in kurator oansteld, dy't ûndersiket oft der in trochstart komme kin.

Men At Work ferkeapet klean fan ûnder oare de merken Nike, Adidas en Levi's. Njonken de saken yn Fryslân binne der noch 25 yn de rest fan it lân.

(advertinsje)