Westcord bout tredde hotel yn Rotterdam

WestCord Hotel Chicago krijt ek in eigen bakkerij © WestCord Hotel
Westcord Hotels fan de Flylanner ûndernimmer Harry Westers bout in tredde hotel yn Rotterdam. Westcord hat dêr al Hotel New York en it hotelskip de SS Rotterdam. Dêr komt no Hotel Chicago by. It wurdt it santjinde hotel fan de keten. De bou begjint takom jier. Westcord hat yn Fryslân hotels yn Ljouwert en op Flylân, Skylge, en It Amelân.
Hotel Chicago komt op de Wilhelminapier, achter it ferneamde Hotel New York. It krijt twa gebouwen fan fiif en acht ferdjippings, dy't mei elkoar ferbûn wurde troch in sweevjend swimbad. It krijt 182 keamers. En op de begeane grûn komt Bakkerij Westers, in oade oan it ferline fan eigener Harry Westers, dy't as soan fan bakker syn earste hotel op Flylân iepene.
It hotel krijt de namme Chicago, omdat it stik fan de Wilhelminapier dêr't it komt ek sa hjit. De ûntwikkeler fan de pier hat it terrein yndield yn ferskate kavels. Dy ha allegear nammen fan wrâldstêden mei in belangrike haven.