Weststellingwerf wol it wolwêzenswurk oars opsette

26 jun 2018 - 14:57

Wolwêzensorganisaasje Timpaan rekket de subsydzje kwyt dy't it krijt fan de gemeente Weststellingwerf. Reden is dat de gemeente it wolwêzenswurk oars organisearje wol.

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Weststellingwerf wol der mear op ta dat ynwenners sels inisjatyf nimme. En dan wol de gemeente net mear fêstsitte oan ien partner dy't it wolwêzenswurk regelet, sa't Timpaan dat de lêste njoggen jier dien hat.

Petearen

Weststellingwerf wol de kommende tiid mei ynwenners, frijwilligers, belutsen organisaasjes en ek Timpaan om de tafel om te sjen hoe't it wolwêzenswurk oars organisearre wurde kin. Dêrnei wurde partijen socht dy't dat wurk tenei dwaan kinne. Mar dat soe dochs ek wer gewoan Timpaan wêze kinne, seit Weststellingwerf.

(advertinsje)
(advertinsje)