Oftelle nei de Elfwegentocht, is elk der wol klear foar?

26 jun 2018 - 13:40

Twa wike troch Fryslân reizgje sûnder ek mar ien drip benzine te brûken: it is de útdaging dy't tûzenen Friezen fan kommende snein 1 july oangean. Dan begjint de Elfwegentocht. Projektlieder Tsjeard Hofstra: "De mentaliteit is yn de jierren bot feroare, want wêrom koe de Fries eartiids wol mear op de fyts nei it wurk en pakt hy op dit stuit folle gauwer de auto? It wurdt tiid dat Friezen harren noch mear bewust wurde fan de skealike stoffen dy't frijkomme as se bygelyks autoride."

Op de fyts, mei de elektryske trein, yn in griengasbus of gewoan te rinnen. Tsientallen opsjes binne der om op in duorsume fossylfrije wize earne te kommen. En fan 1 oant 14 july is de bedoeling dat hiel Fryslân dat ek docht. En dêrom komt Fryslân yn 2018 mei unike fossylfrije aksjes. Liftplakken, griene estafettes, mei de autopet nei it wurk. Fan it besykjen om in wrâldrekôr del te setten: de grutste duorsume parade foar ferfier ea. Oant it Hasker pompke dêr't bekende Friezen blauwe disel foar dy tanke.

Blauwe disel

Ien fan de praktyske fossylfrije oplossingen is it riden op blauwe disel, omdat dy brânstof yn alle diselmotoaren brûkt wurde kin. Blauwe disel wurdt makke fan de ôffalstoffen dy't frijkomme by it klearmeitsjen fan plantaardige oaljes, bygelyks âld frituerfet. De brânstof is in stik djoerder. Op dit stuit is dat gemiddeld 13 sint per liter djoerder as gewoane disel. It ferskil kwa útstjit fan CO2 is 90% minder yn fergeliking mei gewoane disel.

It Hasker Pompke

Mar der binne noch net genôch tankstasjons dy't blauwe disel oanbiede. Op dit stuit binne der 13 plakken. Hanneke Schmeink: "Dat is fansels noch net genôch en dêrom kinne minsken ek twa wike lang teplak yn Aldehaske. Dêr ha wy in pomp stean mei eltse dei 2000 liter blauwe disel en alle dagen is der in oare bekende Fries dy't foar dy disel tankt." Hanneke rydt sels al 1,5 jier op blauwe disel: "It befalt my hiel goed en ik ha echt it idee dat myn auto skjinner is.

Tanklokaasjes blauwe disel - Foto: of

Net allinnich foardielen

Neist alle foardielen dy't blauwe disel mei him meinimt, is der ek in oare kant. Der is in soad diskusje oer hoe duorsum it echt is. Foaral omdat der net genôch oalje yn Nederlân is om blauwe disel fan te meitsjen. As der bygelyks frituerfet ymportearre en ferfierd wurdt, dan ferfalle de foardielen gelyk. Ek wurdt blauwe disel somtiden fan goedkeapere palmoalje makke en dat blykt noch folle slimmer te wêzen foar it miljeu, omdat der in soad beammen foar kapt wurde moatte.

Projektlieder fan de Elfwegentocht Tsjeard Hofstra, en Hanneke Schmeink wiene te gast yn Fryslân Hjoed, en praten dêr oer harren plannen foar de twa wiken tusken 1 en 14 july, en harren dreamen foar de takomst. Sjoch hjirûnder wat se dêroer te sizzen hiene.

Bewuster

Hanneke merkt no al ferskil mei hoe't minsken tinke oer fossile brânstof. "Wy witte allegear dat wy oars omgean moatte mei de wrâld, mar de fraach is altyd wat dan it alternatyf is. Troch de Elfwegentocht sjoch ik yn it doarp dat minsken gelyk in idee krije fan wat goede alternativen binne."

Mei dwaan oan de Elfwegentocht of mear ynformaasje hjiroer? Dat kin fia: elfwegentocht.nl

(advertinsje)