Patatfabryk Easterbierrum siket personiel

26 jun 2018 - 13:18

It patatfabryk Lamb Weston yn Easterbierrum siket nije meiwurkers. Wa't belangstelling hat, kin op 13 july delkomme op in spesjale iepen jûn. Sa kinne belangstellenden yn de kunde komme mei it bedriuw en sjen as in baan harren wat taliket. Lamb Weston wreidet it oantal ploegen út fan fjouwer nei fiif. Dat wurket neffens direkteur Bas van Damme net allinnich nofliker, it is ek nedich om't der hieltyd mear fraach is nei harren patat.

It bedriuw siket tusken de tsien en fyftjin minsken mei in technyske eftergrûn. Van Damme hat der fertrouwen yn dat dy yn it krimpgebiet te finen binne. It fabryk sit yn Easterbierrum om't se ticht op de leveransiers fan de ierappel sitte wolle.

Direkteur Bas van Damme

(advertinsje)