Juny wurdt wierskynlik drûchste moanne fan de iuw

26 jun 2018 - 12:30

Der falt mar in bytsje reinwetter út de loft dizze moanne. Yn Ljouwert foel oant no ta mar 19,3 milimeter en yn Warkum sels mar 13 mm wetter. Dit is mar sa'n bytsje, dat it sa goed as wis is, dat dizze junymoanne de drûchste sûnt it begjin fan de offisjele waarmjitting yn 1901 wurdt. Yn ús provinsje is foaral Súdwest-Fryslân drûch. Der is in tekoart oan reinwetter fan sa'n -150 milimeter oant en mei -210 milimeter. De earste ferskynsels fan de drûchte begjinne dêr dan ek sichtber te wurden.

Boskwachter Henk Jan van der Veen sjocht de earste ferskynsels fan de drûchte mei namme yn bosk- en heidegebieten. "In de poelen staat het water wel zo'n 20 centimeter lager", fertelt Van der Veen. "Je ziet dat bijvoorbeeld aan de stengels van de lisdodde, die heeft een andere kleur", fertelt hy. Neist it lege wetterpeil sjocht Van der Veen ek in soad drûge blêden en in giele gloede oer ferskate planten. "Bij sommige planten gaat het blad krullen, dat laat zien dat het watertekort heeft", fertelt Van der Veen. It binne foaral de planten op sânheuvels dy't minder goed by it grûnwetter komme kinne. Van der Veen makket dúdlik dat de earste ferskynsels te sjen binne, mar dat it noch net dramatysk is foar de natuer.

Je ziet een gele gloed over de planten, zoals je die op je gazon ook kan zien bij droogte.

Boskwachter Henk Jan van der Veen
Drûchte yn juny - Foto: Omrop Fryslân

Mocht de drûchte trochsette, dêr't it no al op liket, dan kin it wetterpeil earst noch omheech brocht wurde mei wetter fan omlizzende kanalen. "Wij werken daarin goed samen met het Wetterskip", fertelt Van der Veen. Foar de minsken hat er ek noch wol in tip: "Kijk uit met sigaretten, hou ze bij je en laat ze niet in de natuur slingeren en maak geen kampvuur in de bos- en heidegebieden. Maar voor de rest, geniet vooral van de natuur", seit Van der Veen.

Yn tsjinstelling mei Súdwest-Fryslân is it tekoart oan reinwetter foar Súdeast-Fryslân oant no ta geunstich. De healannen wienen noch altyd wiet fan de wiete hjerst. De fochtige healannen fan bygelyks de Lendevallei by Wolvegea binne no aardich drûch en ek is it briedseizoen foarby. Sadwaande kin der wer meand wurde.

Trefwurden: 
waar natuer drûch juny Wyldemerk
(advertinsje)