Bou Pathé-bioskoop leit noch hieltyd stil

De bou fan de nije bioskoop fan Pathé yn Ljouwert leit noch hieltyd stil. Dizze wike is der wol in kraan op it terrein, mar dy docht neat mear as it kontrolearjen fan de kwaliteit fan de heipeallen.
It terrein dêr't de nije Pathe komme moat © Omrop Fryslan
It wurk dat op dit stuit útfierd wurdt is neffens de ôfspraak mei de oannimmer. Nei woansdei wurde de stekken om it terrein neist skouboarch de Harmonie wer tichtmakke. De bou fan de bioskoop is moannen lyn stillein om't der neffens Pathé in gat yn de begrutting wie. Pathé is ek eigener fan de oare twa bioskopen yn Ljouwert, Tivoli en Cinema. It bedriuw is fan doel in tredde bioskoop te bouwen neist de Harmonie, mar is no yn oerlis mei de oannimmer om ta nije ôfspraken te kommen.