Grimeur Arjen Tuiten útnûge om lid te wurden fan The Academy

26 jun 2018 - 11:00

Grimeur Arjen Tuiten fan De Jouwer is ien fan de 928 minsken dy't troch The Academy útnûge is, om lid te wurden. Dat skriuwt de NOS. The Academy of Motion Picture Arts and Science is ûnder oare ferantwurdlik foar it organisearjen fan de Oscars, de grutste filmprizen yn de wrâld. De minsken dy't lid binne fan The Academy meie stimme foar dizze filmprizen.

Foto: ANP

De nij-útnûge leden komme út 59 ferskillende lannen. Njonken Tuiten is ek de Nederlânske produsinte Cilia van Dijk útnûge om yn de takomst mei te stimmen foar de Oscars. The Academy wol besykje om mei it grutte tal nije leden it oandiel froulju en minderheden omheech te heljen.

Grutte nammen

Tuiten is yn goed selskip, want ek grutte nammen lykas muzikant Kendrick Lamar (belutsen by de soundtrack fan de film Black Panther), aktrise Liv Tyler (spile ûnder oare yn Lord of the Rings en Armageddon), en skriuwster J.K. Rowling (auteur fan Harry Potter) meie lid wurde fan de organisaasje.

Karriêre

Tuiten wennet en wurket yn Los Angeles. Hy krige in Oscarnominaasje foar syn wurk foar de film Wonder. Dy giet oer in jonkje dat troch in sykte in misfoarme gesicht hat. Arjen Tuiten is gjin ûnbekende yn Hollywood. Hy hat dêr al oan meardere films meiwurke. Earder wurke er yn Londen ek al mei oan in Harry Potter-film.

Foto: ANP

Minderheden

Ungefear de helte fan alle nij-útnûge leden is frou, dêrnjonken hat 38 prosint fan de minsken in net-blanke hûdskleur. Santjin fan de nije leden hawwe ea sels in Oscar wûn. As alle leden harren útnûging foar The Academy akseptearje hat de organisaasje daliks 8200 leden. It persintaazje froulju is dan omheech gien fan 28 nei 31 prosint, en it tal net-blanke minsken klimt fan 13 nei 16 prosint.

(advertinsje)