Jouke de Vries wurdt de baas fan de Ryksuniversiteit Grins

26 jun 2018 - 10:02
Jouke de Vries - Foto: Omrop Fryslân

Jouke de Vries wurdt mei yngong fan 1 oktober foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG). De beneaming is foar fjouwer jier. De Vries folget Sibrand Poppema op. De Vries is no dekaan fan de Kampus Fryslân yn Ljouwert, ûnderdiel fan de RUG.

Neffens foarsitter Tjibbe Joustra fan de ried fan tafersjoch is De Vries de juste persoan om de RUG de kommende jierren te lieden. De nije foarsitter seit dat hy it as in eare sjocht om de universiteit te lieden. Op de fakatuere fan 27 maart kamen tsientallen reaksjes binne. It oantal kandidaten waard nei in earste seleksje werombrocht nei acht. De sollisitaasjekommisje keas úteinlik unanym foar De Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)