Net ien, mar twa jonge see-earnen yn De Alde Feanen

26 jun 2018 - 08:03

De see-earnen yn De Alde Feanen ha twa jongen grutbrocht. Dat meldt it fûgelûndersyksynstitút Sovon. Earst tochten de ûndersikers dat der mar ien jong wie, mar oan de hân fan de stront ûnder it nêst ûntstie al it fermoeden dat it der wolris twa wêze koene. Fan dat twadde jong is no ek bewiis, it liet him moandei sjen.

It twadde jong - Foto: Romke Kleefstra

No is it noch de fraach oft it in mantsje of wyfke is. De ûndersikers tinke dat earste, mar der is mear ûndersyk nedich om dat echt fêststelle te kinnen. It jong moat dêrfoar ûnder oare woegen wurde.

De jonge see-earnen yn De Alde Feanen binne begjin maaie út it aai kaam.

Trefwurden: 
De Alde Feanen see-earnen
(advertinsje)