'Passend ûnderwiis yn Fryslân better as minister foarkommen docht'

26 jun 2018 - 07:50

It Samenwerkingsverband Passend Onderwijs Fryslân-Noard werkent him net yn alle krityk fan ûnderwiisminister Arie Slob op it passend ûnderwiis. Neffens de minister wurkje de gearwurkingsferbannen, dy't der troch it hiele lân binne, net goed. Neffens direkteur Anja Biemans fan it gearwurkingsferbân Fryslân-Noard kloppet dy krityk net en hat de ynspeksje har gearwurkingsferbân krektlyn in foldwaande jûn.

Neffens de minister is der ek tefolle burokrasy by de gearwurkingsferbannen, om help te krijen soene der fellen fol fragen ynfolle wurde moatte. Neffens Anja Biemans is dat by har gearwurkingsferbân mar ien A4 en duorret it nimmen fan in beslút oer passend ûnderwiis net mear as twa wiken.

Anja Biemans, direkteur Samenwerkingsverband Passend Onderwijs Fryslân-Noard

Anja Biemans is it wol iens mei de minister dat der saken ferbettere wurde kinne. Sa moatte skoallieders, dosinten en âlden better by it wurk fan de gearwurkingsferbannen belutsen wurde. Har gearwurkingsferbân is dêr ek al mei dwaande. Dat sjocht ek dat it benammen foar heechbejeftige learlingen mei in autismesteurnis en foar learlingen yn it spesjaal ûnderwiis, dy't help nedich hawwe by it learen, dreech is om passend ûnderwiis te finen.

Trefwurden: 
ûnderwiis soarchlearling
(advertinsje)