Kollum: "Koning van de Friezen"

26 jun 2018 - 07:32

"In protte omtinken en noch folle mear emoasje. Dat in histoaryske figuer, dy't oant in pear jier lyn oars neat as in namme wie soks oproppe kin, is winst. Want hoe't jo it ek besjogge: Rêdbâd is in part fan de Fryske skiednis. Ik sis mei opsetsin Fryske skiednis omdat Nederlân yn dy tiid, sis 7e, 8e iuw, net bestie. In gegeven dat foar guon minsken blykber min te akseptearjen is. Krekt as it gegeven dat der yn dy tiid, sis 7e, 8e iuw, Frysk praten waard.

De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

Net ús hjoeddeistige Frysk, mar in wittenskiplik nei te folgjen taal dy't nei alle gedachten oan it Aldfrysk foarôf gie. Dêr hoecht men gjin fjirtjin jier research foar te dwaan, dat kin yn fjirtjin minuten beslikke wêze.

De winst fan it omtinken foar Rêdbâd is dat minsken harren bewust wurde dat der foar de Unie van Utrecht ek in machtich ynteressante perioade sit. Wat dat oangiet hat it sa'n bytsje itselde effekt as nei de publikaasje fan 'Aan de rand van de wereld' fan Michael Pye. Yn dat boek lit histoarikus en sjoernalist Pye sjen dat de midsiuwen gjin tsjustere leechte tusken it Romeinske Ryk en de renêssânse wiene. Hy beskriuwt hoe't de folken om de Noardsee hinne de earste grutte stappen setten nei ús hjoeddeiske monetêre systeem, in rjochtfeardige justysje en de moderne wittenskip.

It aardige is dat Pye it ûntstean fan dat moderne Europa mei de Friezen begjinne lit. Hy ferhellet hoe't dy de ferbiningen oer de Noardsee opnij útfûnen, nije stêden lâns de kust stiften, in kaptaal garren op de westlike kant fan de Ryn yn Doarestêd. It wichtichst wie lykwols it opnij útfinen fan it jild. Munten om te keapjen en te ferkeapjen en saken te dwaan. Mei dat jild kaam it idee dat dingen wearde hiene en dat dy abstrakte wearden berekkene wurde koene op in stik papier. En ferlike. In pôt mei in fisk of in planke, in koer fol aaien mei in stik ark bygelyks. Hannelje betsjutte dat minsken dy wearde oppakten, dêrmei oan de slach giene en eksperimintearren: se begûnen de wrâld yn wiskundige termen te besjen. Jild soe it tinken fan de minsken feroarje. As wy dêr no bliid mei wêze moatte of net.

Dochs is dat skiednis: sjen litte hoe't it west hat. De minne en de goede dieden. It giet net om in sykjen nei idealen út in fier ferline, om tsjinstellingen te rjochtfeardigjen of om it ferhearlikjen fan spesifike perioaden. Dêr't it úteinlik om giet is kennis. Witte wêr't jo weikomme as minske, as folk en as naasje. Witte hoe't it sit mei ferbannen en útwikseling. Dat dêr grut ferlet fan is hat de lêzing dy't Michael Pye yn Ljouwert yn 2015 joech sjen litten: it atrium fan it LC-gebou siet grôtfol. It oanpart fan de Fryske skiednis yn de widze fan de beskaving wie in eyeopener foar de besikers. De bydrage dy't it Noarden levere hat oan de kultuer fan Europa is bysûnder. Dat hat neat mei superioriteit te krijen, likemin as mei it weromhelje wollen fan âlde tiden (krekt as soe dat ek mar kinne).

Om soks foar te kommen moatte de ferhalen dúdlik ferteld wurde. Dat wy ús besinne kin op wa't wy werklik binne."

(advertinsje)
(advertinsje)