Theo Hiddema: "Mei stipe fan de Friezen kinne je in soad berikke"

25 jun 2018 - 23:20

De lytse toanielseal fan De Lawei wie moandei ôfladen fol foar de politike talkshow fan Keamerleden Thierry Baudet en Theo Hiddema fan Forum voor Democratie. De 'fluchst groeiende partij fan Nederlân', neffens foaroanman Baudet, is op oarlochspaad yn ferbân mei de steateferkiezingen fan maart takommend jier.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Forum wol yn Fryslân en safolle mooglik oare provinsjes meidwaan oan de steateferkiezingen fan takommend jier, om sa ek sitten yn de Earste Keamer te feroverjen. Pas dan kin Forum in fûst meitsje tsjin de 'kartelpartijen' fan it kabinet en 'Nederlân wer werom feroverje'.

As je de stipe fan de Friezen ha, kinne je in soad berikke yn de polityk.

Theo Hiddema, Forum voor Democratie

Theo Hiddema, ôfkomstich fan Holwert, begûn de jûn wat ûnwennich yn it Frysk. Hy wie tige wiis mei de goede opkomst yn Drachten. "As je de stipe fan de Friezen ha, kinne je in soad berikke yn de polityk", sei Hiddema mei in ferwizing nei de oars folle linksere Piter Jelles Troelstra.

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by de jûn fan Forum voor Democratie

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Hiddema kaam fierder benammen op 'e tekst oer it frjemdlingebelied en de 'papieren wurklikheid' fan de Twadde Keamer. "Ze zijn vaak trots op een strengere wet, maar daar gaat het niet om. Het gaat om handhaving en daar verandert meestal niets aan."

Om dy praktyk te feroarjen mei twa sitten yn de Twadde Keamer falt net ta, en dêrom stribbet de partij nei in sa grut mooglike fraksje yn de senaat, sadat 'ûnferstannige wetsfoarstellen' ôfstimd wurde kinne. As foarbyld fan sa'n wet neamde Baudet it plan om it referindum wer ôf te skaffen.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn de seal mei 224 sitplakken wiene seker sa'n 300, foar in grut part, jonge minsken oanwêzich, dy't allerhanne fragen ôffjurren op Baudet en Hiddema. Nei ôfrin koene de minsken harren opjaan as lid of as aktivist fan de partij yn ferbân mei de steateferkiezingen fan maart. Foaral yn Fryslân is der in soad belangstelling, neffens in bestjoerslid fan de partij. "Friesland krijgt een ijzersterke lijst, dat weet ik nu al."

Thierry Baudet wol yn Harns ekstra kampanje-aktiviteiten organisearje as reaksje op de útspraak fan boargemaster Sluiter dat er sa wiis is, dat Harns gjin PVV of Forum voor Democratie hat.

(advertinsje)