Boer sjocht hoe't trekker útbrânt yn greide by Bûtenpost

25 jun 2018 - 22:56

Oant yn de wide omkriten fan Bûtenpost wie moandeitejûn de swarte reek te sjen fan in trekker, dy't oant de grûn ta ôfbrând is. De reek waard feroarsake trochdat de grutte trekkerbannen opbrânden. De bestjoerder wie mei de trekker op it lân oan it wurk, doe't it fjoer ûntstie. Hy is net ferwûne rekke.

Trochdat de brânwacht net mei de auto by de brân komme koe, wie it fjoer net samar út te meitsjen. Dêr wie mear as 100 meter oan brânslangen foar nedich.

De oarsaak fan de brân is net dúdlik. De trekker stie samar in ljochte lôge. De brânwacht koe der neat tsjin begjinne.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
brân Bûtenpost trekker
(advertinsje)