"Minder gas út Grinslân soarget foar mear gaswinning yn Dongeradiel"

No't yn Grinslân folle minder gas wûn wurdt, wurdt yn Dongeradiel folle mear gas út de boaiem helle. Dat seit bouboer Douwe Anema fan Nes. Anema is aktyf by stichting Fêste Grûn, dy't de befolking warskôgje wol foar de gefolgen fan gaswinning, sa as skea en ierdbevingen.
Bouboer Douwe Anema út Nes © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Wat dêr mindere wurdt, moat hjir út de lytsere fjilden weiskuord wurde. Se hawwe ferplichtingen dy't se neikomme moatte", seit Anema. Omdat Nes net fier fan de 'Hantumer breuklijn' leit, hâldt er rekken mei ierdbevingen yn it gebiet.
De gaswinput by Moddergat © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Fierder kin de bouboer ek oan de natuer en de boaiemdelgong fernimme dat de gaswinning út it Nessumer fjild opskroefd wurdt. "We binne no 12 sintimeter sakke en de ôfspraak wie 24. It is wittenskiplik bewiisd dat it noch 12 sintimeter neisakket, dus se moatte ophâlde. We hawwe de delgong berikt dy't ôfpraat is."
De gaswinput by Moddergat © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Douwe Anema fan Fêste Grûn
Wy moatte as mienskip mar ris even goed oan de bel lûke.
Bouboer Douwe Anema út Nes
Neffens Fêste Grûn is de kompensaasje foar de gaswinning foar Nes en omjouwing no net goed regele troch de NAM en de oerheid. As dat net gau feroaret, moat de NAM der rekken mei hâlde dat der in momint komt dat de befolking yn aksje komt, sa seit Anema. "Wy moatte as mienskip mar ris even goed oan de bel lûke."