Grutste put ea foar Wetterskip Fryslân: fersteviging seedyk kostet 300 miljoen euro

25 jun 2018 - 20:28

De Waadseedyk tusken de Lauwersmar en Koehoal foldocht net oan de easken. De dyk moat ferstevige wurde en dat kostet goed 300 miljoen euro. It is de grutste put dy't it wetterskip ea dien hat.

De seedyk by Holwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It trajekt tusken Koehoal en de Lauwersmar is op meardere punten ôfkard. De beklaaiïng fan de dyk, it asfalt en it gers, is net goed mear. En de saneamde makrostabiliteit ek net. Dat betsjut dat stikken fan de dyk fuortskowe kinne as de druk te heech wurdt.

It projekt wurdt yn meardere fazen útfierd. Oant 2023 wurdt der wurke oan de plannen. Yn 2028 moat alles klear wêze.

Oant no ta wie de dykfersteviging fan It Amelân it grutste projekt dat it wetterskip oanpakt hat. Dat koste neffens it wetterskip yn totaal 77 miljoen euro.

Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)